Diel dit berjocht

Gemeente Ljouwert makket him hurd foar behâld Bonifatiustsjerke

Gemeente Ljouwert stelt de gemeenteried út om jild by te dragen oan de Stichting Bonifatiustoren foar needsaaklike reparaasjes oan de Bonifatiustsjerke. Dat beslút folget op in earder ferliende provinsjale subsydzje fan 200.000 euro.

Betsjutting fan de Bonifatiustsjerke
De Bonifatiustsjerke, ûntwurpen troch de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers, is in ryksmonumint en ien fan de topmonuminten fan Ljouwert. “It gebou hat grutte kultuerhistoaryske wearde en is in wichtich stedsikoan. It behâld fan de tsjerke is dan ek fan grut belang foar de stêd en syn ynwenners”, seit wethâlder Evert Stellingwerf.

De hege ûnderhâldskosten en de ôfnimmende tsjerkegong hawwe de Sint-Fitusparochy beslute litten om fan 2025 ôf inkeld noch de Sint-Dominikustsjerke te brûken, sadat de Bonifatiustsjerke oan de earetsjinst ûntlutsen wurdt.

Needsaaklike reparaasjes
De Stichting Bonifatiustoren, eigener fan de tsjerke, hat oanjûn dat sûnder de tsjerklike tsjinsten it gebou mooglik ferkocht wurde moat, wat it fuortbestean as kultureel monumint bedriget. Om dat foar te kommen, hat de stichting in bedrach fan 750.000 euro nedich foar needsaaklike reparaasjes.

Behâld Bonifatiustsjerke
It kolleezje fan B en W wol mei 200.000 euro bydrage oan it behâld fan de Bonifatiustsjerke. Dat bedrach sil it by de behanneling fan de begrutting 2025 útstelle om it dan oan de algemiene reserve te ûntlûken. It kolleezje is dêrneist yn petear mei de stichting oer it oankeapjen fan de grûn om de tsjerke hinne en stipe by it finen fan oanfoljende fûnsen.

Foto thússide: Wikimedia Commons/Romke Hoekstra, CC BY-SA 4.0

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter