Diel dit berjocht

Jongelju útdage om mei te tinken oer stedsstrân Dokkum

It Hurddraverspark yn Dokkum wurdt de kommende jierren flink fernijd. In ûnderdiel is it oanlizzen fan in stedsstrân en in bûlevaar by de Hurdridersgrêft. Learlingen en studinten fan de skoallen yn Dokkum binne útdage om mei ideeën te kommen hoe’t dat part fan it park der útsjen moat.

Op woansdeitemoarn 3 july presintearren sechstich jongelju yn de riedseal harren ideeën oan wethâlder Rebecca Slijver en de projektgroep fan de gemeente. De ûntwerper fan it park, David Heesen, en meiwurkers fan advys- en yngenieursburo Antea Group, Johan Darwinkel en Jouke Feenstra, wiene oanwêzich. De ideeën rûnen útinoar. Fan in kabelbaan oant iiskream, in trampoline, flot oer it wetter, midgetgolfbaan oant fotoweardige letters DKKM (lykas de bekende I Amsterdam-letters). Oan de útdaging diene basisskoallelearlingen fan CBS de Hoeksteen, De Burgerskoalle, Dalton Dokkum en mbû-studinten fan it Firda mei.

De Miensker-útdaging lit jongelju meibouwe oan de takomst fan Noardeast-Fryslân. Hoe wolle se yn 2030 de romte brûke? Hoe tinke jongelju oer wenjen, oer mobiliteit, frije tiid, wurkje, enerzjy en wetter? Jongelju betinke mei ûndernimmers, profesjonals en regionale beliedsmakkers oplossingen foar útdagingen. De Miensker-útdaging is in inisjatyf fan in bestjoerlik netwurk fan basis- en fuortset ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân, Programma Sterk Technyk Underwiis NOF en it Kennislab Noardeast-Fryslân.

De hiele moanne juny koene ideeën oer it hert fan it park fia www.stemvannoardeast.nl dield wurde. Mear ynformaasje oer de útdaging is te finen op: www.mienskerchallenge.frl/vrije-tijd.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter