Diel dit berjocht

Nij inisjatyf: elektryske dielauto foar Balk en omkriten

Energie Coöperatie Gaasterland (ECG) is mei in nij duorsum alternatyf foar Balk kommen. It doarp hat op 3 septimber in elektryske dielauto krige. Handich foar ynwenners dy’t sels gjin auto hawwe, mar der soms wol ien nedich hawwe. De dielauto kriget foarearst in parkear- en oplaadplak op it parkearterrein by de Poiesz en dêrmei efter it ynrinkantoar fan ECG/ynformaasjepunt fan Eigen Warmte Balk.

Mei de elektryske dielauto wol ECG fan betsjutting wêze foar alle ynwenners fan Balk en omkriten dy’t út en troch in auto nedich hawwe. “Wy witte dat it hawwen fan in auto net foar elkenien fanselssprekkend is”, seit Niels Wester fan ECG. “Foar de ien is in auto te djoer, de oar kiest derfoar om faker mei it iepenbier ferfier te gean. Mei ús dielauto meitsje wy it foar elkenien mooglik om it gemak fan in auto tichteby te hawwen. It wurdt foar minsken makliker en betelberder om derop út te gean.”

In protte foardielen
It dielen fan in auto hat neffens ECG in protte foardielen, sawol foar de brûker as foar it klimaat. “Mei it gebrûk fan in dielauto kin men jild besparje”, seit Niels. “In auto stiet by in protte minsken foar it grutste part stil. Dochs betelje se de moanlikse kosten. Mei in dielauto betelje se inkeld foar de auto as se dy nedich hawwe. Us dielauto is ek suniger as de measte oare auto’s. Om’t de auto fan ECG elektrysk is, stjit dy minder CO2 út. Dat is better foar it klimaat. En mei dit inisjatyf wolle we ek noch ris it gefoel fan koheezje yn Balk fuortsterkje. Troch gear te wurkjen en middels te dielen, hawwe wy mei-inoar in positive ynfloed op sawol it miljeu as op ús lokale ekonomy.”

Liene kin no al
De dielauto yn Balk kin no liend wurde. Gean foar it reservearjen fan de auto nei www.energiecooperatiegaasterland.frl/deelauto. Dêr stiet útlein hoe’t it ynskriuwen giet. De deis fan de reservearring giet men nei de dielauto ta en brûkt men de app om de doar te iepenjen en nei it ferwiderjen fan it laadsnoer kin men op ’en paad. Minsken kinne de auto mei en sûnder abonnemint brûke. Mei in abonnemint binne se foardieliger út. De kosten steane op de webside fermeld.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter