Diel dit berjocht

Oerbosk fan de takomst

Oerbosk fan de Takomst is in mearjierremienskipsprojekt dat ûntstien is út de fraach “Yn hokker wrâld wolsto wenje?” dy’t steld waard yn 2022 troch Arcadia.

Yn de gemeente Achtkarspelen binne twa natuergebieten dy’t te krijen hawwe mei iis en “oertiid”. Foar dit projekt wurdt der troch jong en âld in nij “oerbosk” plante fan beammen dy’t geskikt binne foar it takomstich klimaat. In bosk dat bliuwt, lang neidat wy der net mear binne. In bosk dêr’t wy ús dreamen plantsje, dreame foar de takomst en in bettere wrâld.

Foar minske en natuer
Dit projekt is yn ûntwikkeling. Jong en âld tinke en bouwe mei oan in nij “oerbosk” yn de gemeente Achtkarspelen. Yn it projekt wurde lytsskalige nije bosken oanplante dy’t in bysûndere of rituele funksje krije.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter