Diel dit berjocht

Oprop: kenne jo de gasten dy’t yn fakânsjehûs De Terrorist ferbleaune?

Se mochten fergees op fakânsje en útwaaie op It Amelân, yn de hoop dat de seewyn harren triennen drûgje soe … Yn 1946, krekt nei de Twadde Wrâldoarloch, iepene fakânsjehûs De Terrorist de doarren foar neibesteanden fan fersetsslachtoffers – tink oan widdowen, bern, âlden – en foar fersetsstriders en harren famyljes dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ferwûne of traumatisearre wiene.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

It fakânsjehûs wie in âld barak dy’t troch de Dútsers yn de dunen by Nes boud wie, as ûnderdiel fan de ferdigeningsliny Atlantikwall. Op it houten ûnderkommen dat plak bea oan tritich gasten, pronke in yn it each springend nammeboerd: De Terrorist. In geuzenamme, omdat de besetter leden fan de ûndergrûnske ‘terroristen’ neamde. De Terrorist waard in plak dêr’t fertriet fersêfte waard en dêr’t it gemis dield en mei-inoar droegen wurde koe. Oant 1953 hawwe goed 2500 froulju, manlju en bern yn De Terrorist op It Amelân west. It gasteboek stiet grôtfol mei uteringen fan tankberens.

Foar it ferskinen fan in boek oer De Terrorist, troch skriuwer en sjoernalist Auke Zeldenrust, is Tresoar op ’e siik nei de gasten dy’t yn it fakânsjeseizoen 1952 yn it fakânsjehûs ferbleaune. Fan alle groepen waard by it ferbliuw in foto makke. Dy foto’s wurde bewarre by Tresoar en foarmje in goed oanknopingspunt foar de syktocht nei de gasten en harren ferhalen. Tresoar dielt fan ’t simmer groepsportretten yn ’e hoop om de nammen oan gesichten keppelje te kinnen en sa famyljeskiednissen te efterheljen. Kenne jo ien op de foto’s, lit it dan witte fia communicatie@tresoar.nl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter