Diel dit berjocht

Provinsje organisearret regiogearkomsten oer berikberens

It ferbetterjen fan de berikberens yn Fryslân. Dat is wat de provinsje wichtich fynt. Dêrom organisearret dy yn de simmer fan 2024 regiogearkomsten om de winsken en it ferlet fan bewenners te witten te kommen. Foar de regio Noardeastlik Fryslân wurdt de gearkomste op tiisdei 10 septimber yn Burgum holden.

Yn it Bestjoersakkoart 2020 -2027 ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ stiet dat it provinsjebestjoer stribbet nei in bettere berikberens yn Fryslân en fuortsterking fan it regionale iepenbier ferfier, benammen op it plattelân. Dêrfoar siket de provinsje nei nije, lytsskalige inisjativen yn oanfolling op it iepenbier ferfier. Om dy inisjativen te stypjen giet de provinsje dizze simmer de regio’s yn. Foar it fasilitearjen fan dy inisjativen is fjouwer miljoen euro frijmakke .
Mobiliteitsdeputearre Matthijs de Vries: “Dizze bestjoersperioade wurdt der flink yn it iepenbier ferfier ynvestearre. Dêr bin ik grutsk op. Dêr’t gjin bussen ride is der de mooglikheid foar doarpen en wiken om sels inisjativen te ûntwikkeljen. De provinsje hie jild om dêrby te helpen. Ik sjoch dernei út om dêr mei de Friezen oer yn petear te gean.”

Regiogearkomsten
Yn de gearkomsten wurdt in taljochting jûn oer de keazen oanpak en fertelle inisjatyfnimmers oer al besteande lokale inisjativen. Qbuzz presintearret as nije ferfierder yn Fryslân syn plannen foar de regio’s. De jûn wurdt ôfsletten mei in ynfomerk. Mear ynformaasje is te finen op: www.fryslan.frl/fryslanunderweis.

Gearkomste Noardeastlik Fryslân
Foar ynwenners fan de gemeenten Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen.
Tiisdei 10 septimber – De Molkfabryk (romte it Tsjettelhûs) – Burgumerdaam 28, Burgum.
De gearkomste begjint om 19.30 oere; ynrin fan 19.15 oere ôf.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter