Diel dit berjocht

Stap tichterby realisaasje treinstasjon Ljouwert Werpsterhoeke

De provinsje hat ProRail opdracht jûn om in ferkenningsstúdzje út te fieren nei it realisearjen fan treinstasjon Ljouwert Werpsterhoeke. Dat is de earste formele stap yn it planproses fan ProRail. Dêrmei komt de bou fan dat stasjon wer in stapke tichterby.

Yn de kommende oardel jier fiert ProRail de ferkenningsstúdzje út. Dy stúdzje moat genôch ynformaasje opsmite om in beslút te nimmen oer in foarriedich ûntwerp (foarkarsfariant) fan it stasjon. Dêrnei kin de faze fan de planútwurking begjinne. Yn dy faze wurdt de foarkarsfariant útwurke ta it definitive ûntwerp. Neffens de planning fan ProRail kin it stasjon yn 2028 iepen.

Deputearre Matthijs de Vries is wiis mei dizze nije stap: “Mei it starten fan de ferkenning krije de plannen foar Werpsterhoeke mear foarm. Foar de berikberens fan Fryslân is dit in prachtige stap.”

“Stasjon Werpsterhoeke draacht by oan duorsumere mobiliteit”, leit Evert Stellingwerf út. Hy is wethâlder mobiliteit by Gemeente Ljouwert. “De komst fan in stasjon biedt kânsen foar it meitsjen fan in mobiliteitshub oan ’e râne fan ’e stêd. Dat is in knooppunt dêr’t men bygelyks de auto parkearje kin en oerstappe kin nei in duorsume foarm fan mobiliteit de stêd yn. It soarget foar minder útstjit, minder ferkearsbewegingen fan auto’s yn ’e stêd en dêrmei ek foar in bettere ferbliuwskwaliteit. Fansels soarget Werpsterhoeke derfoar dat bewenners yn ’e takomst Middelsee en De Súdlannen goed berikke kinne. It ûndersyk is it startsein foar it fierder oppakken fan de gebietsûntwikkeling by Werpsterhoeke.”

Eftergrûn projekt
Treinstasjon Ljouwert Werpsterhoeke is ûnderdiel fan it projekt Werpsterhoeke. Yn 2008 hawwe Ryk en provinsje it konvenant ‘Regiospecifyk Pakket Zuiderzeelijn’ tekene. Dêr falle ûnder oaren de Heak om Ljouwert en it projekt Werpsterhoeke ûnder. Yn 2014-2016 is de bou fan twa ûndertrochgongen útfierd en yn 2020-2022 binne twa lykflierse spoaroergongen opheft.

Foto thússide: Janna van der Meer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter