Diel dit berjocht

Studinteferiening Bernlef makket him klear foar 100-jierrich bestean

Op 20 maaie 2025 wurdt F.F.J. Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, hûndert jier. Lykas dat by de Fryske studinten wenst is, moat dat heuchlik feit grut fierd wurde. Dêrom is de feriening drok yn it spier om fan it hiele lustrumjier in sukses te meitsjen, foar lid, âld-lid en elkenien ferbûn oan de feriening.

It lustrumjier set moandei 20 maaie 2024 útein, op de 99e jierdei fan de feriening. Takomme wykein wurdt dat fierd mei in bûtendei nei it Kameleoneilân yn Terherne en lykas alle jierren in balskopkompetysje tusken leden en âld-leden. Oanslutend wurdt in resepsje om it hjoeddeistich bestjoer te lokwinskjen organisearre. Nei 20 maaie steane de aktiviteiten it hiele jier troch yn it teken fan it lustrum.

As earste op de planning stiet in grutte reis nei de Filippinen ta. Oft it rinnen op klompen dêr ek oanslaan sil, dêr sil it reisselskip efter komme. Oare aktiviteiten dy’t yn it lustrum ûndernommen wurde, binne it útbringen fan in muzykalbum mei sels skreaune Frysktalige muzyk en in lustrumboek dat de kearn fan de feriening yn hûndert jier omfetsje sil. Dêrneist meie de oare aktiviteiten dy’t yn it teken fan it lustrum stean net fergetten wurde: in gala, in kamp en in grut lustrumfestival yn Fryslân.

De ôfsluter fan it lustrumjier sil de werklike jierdei fan de feriening wêze yn maaie 2025. Dy sil fierd wurde mei in grutte reüny op 24 maaie 2025, dêr’t elkenien dy’t in bân mei de feriening hat wolkom is. Ferhalen fan de studintetiid sels, mar ek fan wat Bernlef jin letter yn it libben brocht hat, kinne útwiksele wurde en kinne Friezen, of Bernleffers, fan alle jierren mei-inoar ferbine.

De feriening wol elkenien dy’t in bydrage leverje wolle soe, yn de foarm fan in moai ferhaal, in idee of in oare bydrage, oantrúnje om dat te dielen mei de lustrumkommisje of it bestjoer fia lustrum@bernlef.frl.

Foto: Bernlef

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter