Diel dit berjocht

Te Plak

De winsk fan dizze beide mannen is dat de mominten dy’tsto belibjen giest mei it lústerjen fan dizze opnamen, dy tichter by dysels bringe. Dy mominten fan frede, freugde en ferstilling jouwe.

En dy witte litte datst hielendal perfekt bist sa’tst op dit momint bist. En datst yn al dy mominten dy’tst foar dysels makkest, neat hoechst te dwaan, te wêzen of te wollen. Datst hjir te plak komme meist. Sûnder wat te dwaan. Te plak yn dysels. En dit allegear yn it Frysk, om’t wy der efter kaam binne dat hjirtroch de meditaasjes noch fertrouwder fiele en tichterby komme. Om’t Frysk de taal fan ús hert is. Fiel dy wolkom.

In inisjatyf fan Johannes Hospes en Durk Sybesma.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter