Diel dit berjocht

Tresoar is op ’e siik nei ferhalen oer flechtlingen en evakuees

Foar in útstalling oer flechtlingen en evakuees yn de Twadde Wrâldoarloch dy’t takom maitiid te sjen is by Tresoar – museum, argyf en biblioteek fan Fryslân, is dy organisaasje op ’e siik nei ferhalen. Hokker famylje iepene de doarren foar in evakuee of flechtling? Wa ûntflechte syn of har hûs en fûn in oar ‘thús’ yn Fryslân? Wa waarden evakuearre nei it noarden?

Yn de oanrin nei en yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen ferskate groepen flechtlingen yn Fryslân in feilich plak. Yn de jierren ’30 – benammen nei de Kristallnacht – stutsen in soad joaden de grins tusken Dútslân en Nederlân oer. Se krigen húsfêsting yn Kamp Westerbork. Op 10 maaie 1940 kaam in groep fan tusken de 500-700 Joadske flechtlingen út dat kamp foar in pear wiken nei Ljouwert. Ek yn maaie 1940 sochten ynwenners fan ûnder wetter sette gebieten fan Fryslân in oar hinnekommen yn de provinsje. In pear moanne letter, yn augustus, waard foar in groep Rotterdamske bern in tydlik ûnderkommen yn it noarden socht. Nei it bombardemint op harren thússtêd, kamen se fiif of seis wiken nei Fryslân om oan te sterkjen.

Yn it tiidrek 1942-1945 waarden bewenners fan de kuststripe evakuearre fanwegen de bou fan de Atlantikwall. Bewenners út dy gebieten moasten nei Fryslân of Grinslân. Tusken 1944 en 1945 kamen in soad evakuees út benammen Noard-Limboarch, de Betuwe en Arnhim en omkriten nei Fryslân. En yn de hongerwinter fan 1944-1945 kaam in grutte stream flechtlingen út de gruttere stêden yn it westen fan it lân nei it noarden. Neist dy spesifike groepen minsken hawwe yn de hiele oarlochstiid minsken op ’e siik west nei in feilich plak om te wenjen, oft dat no wie om harren leauwensoertsjûging, politike foarkar, ras of om oare redenen. Yn Fryslân wie der plak foar harren. De ferhalen dy’t dêroan ferbûn binne – de moaie en minder moaie – wol Tresoar in plak jaan yn syn nije útstalling.

Net allinnich ferhalen, mar ek foto’s, kranteknipsels, brieven, aansichtkaarten en foarwerpen krije in plakje yn de útstalling. Hawwe jo weardefol materiaal lizzen? Tink bygelyks oan korrespondinsje yn en nei de oarloch, kadokes en oare uteringen fan tankberens. Tresoar komt graach mei jo yn kontakt. Binne jo net wis oft jo ferhaal of materiaal gaadlik is? Gjin probleem: de minsken fan Tresoar oerlizze graach mei jo.

Ferhalen, reaksjes of fragen kinne jo oant en mei 20 oktober 2024 stjoere nei communi@tresoar.nl. Tresoar makket in seleksje fan de ynkommen ferhalen en it materiaal.

Foto thússide: boarne Tresoar

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter