Fedde Schurerlêzing

Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, organisearre troch De Fryske Beweging, yn ‘e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant. 

Fedde Schurer (1898 –1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrnjonken siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Schurer wie kristlik fredesaktivist en foarman fan de Fryske kultuer.

Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistyske briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.

Eardere jierren