Diel dit berjocht

65 jier FLMD en 50 jier Bûsboekje

It bestjoer fan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de Bûsboekjeredaksje nûgje nigethawwers út foar in feestlike gearkomste yn it ramt fan harren jubilea.

– Op 10 septimber 1959 waard it FLMD oprjochte, no fiifensechstich jier lyn. It FLMD gie yn 2002 op yn Tresoar, “in stil jubileum”;
– It nije Bûsboekje, edysje 2025, is it fyftichste sûnt de propagandakommisje fan it warbere Kristlik Frysk Selskip yn 1975 it Bûsboekje 1976 fersoarge. In nije aginda foar ‘alle dagen Frysk’.

De presintaasje sil wêze yn it Kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar oan de Bûterhoeke 1 yn Ljouwert op tiisdei 17 septimber fan 17.00 oant 19.00 oere. De ynrin is fan healwei fiven ôf. Besikers hawwe dan ek de gelegenheid om in lytse útstalling oer 50 jier Bûsboekjes te besjen. Dy eksposysje is fan 17 oant en mei 22 septimber te sjen.

Yn ferbân mei de fersoarging heart de organisaasje graach wa’t der komt. Graach trochjaan op mailadres klaasjohan@yahoo.com.

De promoasje fan it fyftichste Bûsboekje wurdt mei mooglik makke troch de Douwe Kalmastifting, de Fryske Beweging, Fryslân Fûns, it Jan Roelof Geertsmafûns en de Provinsje Fryslân, Tresoar, FLMD en frijwilligers.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter