Diel dit berjocht

Simmerdeis yn Drachten

It Drachtster festival Simmerdeis 2024 wurdt fan tongersdei 27 oant en mei snein 30 juny holden. De measte aktiviteiten binne op in fêste lokaasje yn Drachten, nammentlik it Slingepark. Dêrnjonken binne der dit jier aktiviteiten yn it Slûsfabryk en op ferskillende oare lokaasjes yn Drachten. By it Slûsfabryk kin men fan it festivalterrein ôf fergees mei in pontsje komme.

Simmerdeis is in fergees festival dêr’t mar foar in pear foarstellingen in kaartsje kocht wurde moat. Dat stiet dúdlik op ’e webside by de oanbelangjende foarstelling. In kaartsje is te keap fia www.lawei.nl of gewoan op it terrein sels, as de foarstelling noch net útferkocht is.

Op it muzykpoadium steane ferskate bands, lykas Them dirty dimes mei jazz en blues, Morpheus mei sinematyske popmuzyk en rapper en ferskesskriuwer Babs. Der is ek teäter fan ûnder oaren De gillende keukenprins en Jonas & Friends, en fierder sirkus, byldzjende keunst en dûns. Foar bern is der ek fan alles te sjen en te dwaan, lykas de grutte sintugeriedselshow en der kin lekker iten wurde.

Ien foarstelling, Grondproeven, wurdt fan o/m 6 july yn Holwert opfierd. Dat is kulinêr muzykteäter oer in boerebedriuw yn transysje. De foarstelling is in koproduksje fan teäterselskip 5eKwartier en Skouboarch De Lawei en is ûnderdiel fan Simmerdeis. Kaarten foar de foarstelling kostje € 49,50, mei in trijegongediner ynbegrepen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter