Diel dit berjocht

Utnûging fan it Seelter Bund foar it ierappelfeest

De pleatslike feriening Seelter Bund (East-Fryslân) organisearret opnij it tradisjonele ierappelfeest. Skoalbern plantsje yn ’e maitiid ierappels. Elkenien dy’t belangstelling hat kin op sneon 14 septimber fan 14.00 oere ôf mei de rispinge meihelpe.

De ierappels wurde fan likernôch 18.00 oere ôf nuttige. Bier en bratwurst sille dêr net by ûntbrekke. It lêste ierappelfeest wie yn 2019. Foarhinne wie it wenst dat it twajierliks troch it Seelter Bund organisearre waard, mar dat ritme waard troch de koroanakrisis trochbrutsen. De lokale feriening pakt de tried no wer op.

De evenemintelokaasje is de pleats fan Hans Gert Vocks oan de Langhorster Strasse 6 yn Roomelse (Ramsloh). Meidwaan kostet 10 euro foar folwoeksenen, bern meie fergees mei-ite. Learzens en túnklean wurde oanret. Ynskriuwe kin oant 11 septimber. Nim dêrfoar kontakt op mei Margot Tameling fia 0174 796 780 8. Wa’t op it lêste stuit in beslút nimt, kin op 14 septimber ek spontaan delkomme.

Foto thússide: Kartoffelfest Maihingen (foto: Wikipedia/Rieser Bauernmuseum Maihingen – CC BY-SA 3.0)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter