Diel dit berjocht

Net ferkeard: Strjitten & Ferhalen

Ynhâld fan de podcast:

Yn dizze ôflevering te gast: skriuwster Nicole van der Berg, dy’t foarlêst út har prachtige boek Het Losloopveld. Dêrneist beprate Gabrielle en Arjan Gabrielle’s eigen nije bondel Tsjintwurdich is alles better, dy’t op 6 septimber presintearre waard. Sy fertelle oer de jûn en Gabrielle draacht foar. Se freegje har ek ôf: komt der in citytour fan plakken dy’t yn Gabrielle har bondel foarkomme?

Nicole fertelt oer de Schrijfclub en har ûnderfiningen mei Explore The North.

It projekt Sprekende Stenen, dat iensumens ûnder de oandacht bringt, komt noch efkes foarby, lykas Arjan’s terroragenda. Nicole krijt hast in panykoanfal as Arjan syn oerfolle skema dielt, mar Tialda Hoogeveen skynt noch in slimmere aginda te hawwen – gelokkich docht sy oan bootcamp! Docht Nicole eins oan sport? Gabrielle fertelt oer har ûnderfining mei moderne dûns en Arjan dielt hoe’t syn Tai Chi aventoer hielendal de mist yn gie.

Fierder giet it petear oer de Fryske Akademy, wurde goede oantinkens oan de Slach om Warns dield, en wurdt it wurk fan Sido Martens besprutsen. De wrâld fan films en it oankommende Keihurd Festival yn it Bolwurk komme ek oan bod.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter