Diel dit berjocht

Net ferkeard: Triennen en Drûge Woarst

Gabrielle en Arjan beprate de Drachtster poëzyscene mei poëzy fan Wieger Oepke Lindeboom, kafee Marktzicht en it skriuwersarkje. Gabrielle lêst foar út De Beesten fan Gijs Wilbrink en Arjan út List, Lust, Liefde van Sjieuwe Borger. Gabrielle hie EMDR en moast dêrtroch gûle yn it skriuwerskafee en Arjan hat soms argewaasje fan ymprovisaasje We wiene ek noch op it boekebaltsje, dêr’t in soad bekende gesichten wiene en we seagen nochal spannende films. Fierder: It moanne-kantoor, Friese Lente, Amai awards, poëzy yn de Bres, dichters-mythen, Ferstival, fjoer, slammen, knokfilms, húslik geweld, Whalt Whitman en nertsen

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter