Kom ek yn beweging

Lykas ik wiis mei de rykdom fan Fryslân? Kom yn beweging!

Wat in rykdom hawwe wy yn Fryslân.

Wy binne gelokkich mei minder, sizze goeie tsjin mekoar en binne grutsk op ús taal, sporten en kultuer. Fan de Slachtemaraton oant it Skûtsjesilen. Fan ús taal oant de iepenloftspullen. Foar ús is Fryslân hiel normaal, mar eins is it hiel bysûnder. Sa bysûnder dat wy dat koesterje, diele en fierder bringe wolle. 

Dat kinne wy net allinnich! Wy hawwe minsken nedich dy’t Goeie.frl en de Ried fan de Fryske Beweging stypje. Dy’t sjen litte dat se wiis binne mei Fryslân. En meidogge oan al it moais dat der yn ús provinsje te belibjen is. 

Doch mei! Kom yn beweging!

 

Sjirk Bruinsma – Foarsitter De Fryske Beweging