Diel dit berjocht

Acht finalisten Liet 2024 bekend

De acht artysten dy’t op 19 septimber yn de finale fan it Frysktalige sjongfestival Liet steane, binne bekend. Se binne keazen troch de seleksjesjuery en troch stimmen fan it publyk, dat online ien wildcard foar de finale weijaan koe. Der is manmachtich stimd, it Fryske liet libbet yn Fryslân!

De artysten dy’t yn Neushoorn sjonge en spylje meie, binne Lotte & Berend, Haitze F. de Vries, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Fegebart, André van der Weide, Albert Meijer en Pietrik & Trynke. Ien fan de acht wurdt de opfolger fan Melissa dy’t mei har band de finale fan Liet 2023 wûn mei ‘Foarby’. De winner fan Liet 2024 sil Fryslân en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Maastricht op 9 novimber. De winner stiet ek op it poadium fan Aaipop yn 2025. Foar it liet mei de bêste songtekst leit de Gryt van Duinen-tekstpriis klear.

It Fryske publyk hat goed 1500 stimmen útbrocht en dêrmei oanjûn wa’t it yn de finale sjen wol. De akt mei de measte stimmen stiet streekrjocht yn ’e finale. “Wy binne tige grutsk dat sa’n soad Friezen harren stim útbrocht ha”, seit Liet-foarsitter Frans Veltman. “Dit jier hawwe we wer acht hiel ferskillende akts, mei grif kânshawwers foar it winnen fan it Regio Songfestival”.

Op 19 septimber steane net allinnich de acht finalisten op it poadium. Melissa Pander sil optrede mei har winnende liet ‘Foarby’ en in pear spiksplinternije songs. Op de jûn sels kin it publyk wer stimme op harren favoryt, sawol yn ’e seal as online. De finale is live te sjen by Omrop Fryslân fia telefyzje en online fia de Omrop-app fan 19.30 oere ôf.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter