Diel dit berjocht

Alve keamerpresintaasjes fan alve byldfertellers

Yn ’e simmer fan 2024 jout Museum Belvédère yn Oranjewâld omtinken oan it wurk fan alve Nederlânske keunstners, dy’t yn harren wurk persoanlike ûnderfiningen en oantinkens yn rigen tekeningen of skilderingen fêstlizze.

Wurk fan Alexandrine (boarne: Museum Belvédère)

Yn it wurk fan alle dielnimmende keunstners binne foarstellingen ferienfâldige ta koarte, krêftige, yllustrative en soms cartooneske bylden. Yn in protte gefallen binne se fernuverjend fan karakter en ferbyldzje se in wûnderlike dreamwrâld. De alve keunstners fan wa’t wurk yn de útstalling Verhaald – Verbeeld te sjen is, stelle harren bylden gear op grûn fan assosjaasjes en putte foaral út (jeugd)oantinkens, dreamen en ûnderfiningen.

De eksposearjende keunstners binne: Alexandrine, Barend Blankert, Frank Creton, Diederik Gerlach, Pieter Hermanides, Mirjam van Houten, Jantien Jongsma, Erik Mattijssen, Marcel Reijerman, Michael van Rijckevorsel en Hollie Witteveen. De wurken fariearje fan skilderkeunst, kollaazje/mikst media oant tekenkeunst. Foar de útstalling waard út âlder en resint wurk keazen. Mirjam van Houten makke in folslein nije searje ferheljende tekeningen.

Byld thússide: Wurk fan Mirjam van Houten (boarne: Museum Belvédère)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter