Diel dit berjocht

Dokumintêre ‘Weightless’ te sjen by Slieker Film

Op sneon 8 juny presintearje Slieker Film en it Frysk Museum de film Weightless (2023) fan Marta Hryniuk en Nick Thomas.

Still út ‘Weightless’ (byld: Marta Hryniuk en Nick Thomas)

Yn de dokumintêre, filme noch foar de oarloch, nimt de autodidaktyske etnograaf Khrystyna Bunii jin mei op har reis troch it súdwesten fan Oekraïne, dêr’t se de kultuer fan de Hoetsoelen dokuminterearret. Troch de ûnderdrukking dy’t harren kultuer en skiednis bedriget, stiet harren identiteit op it spul. Harren libben is kwetsber, krekt as oantinkens dy’t gewoanlik yn stilte droegen wurde.

De film wurdt ôfsletten mei in petear tusken Marijn Geist, earder junior konservator by it Frysk Museum, en makkers Marta Hryniuk en Nick Thomas. It programma duorret fan 13.30 oant 15.15 oere. De film is Ingelsk ûndertitele. Kaarten kostje € 9,50 en binne te keap fia sliekerfilm.nl.

Still út ‘Weightless’ (byld: Marta Hryniuk en Nick Thomas)

Besjoch de promoasjefilm:

Weightless teaser from WET film on Vimeo.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter