Diel dit berjocht

Ekskurzje Genealogysk Wurkferbân nei Museum De Tiid yn Boalsert

It Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret op sneon 7 septimber fan 13.30 oant 16.00 oere, yn gearwurking mei de NGV ôfdieling Fryslân, in ekskurzje nei Kultuer Histoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert. Op it programma stiet in ynformative presintaasje fan it Gemeente-argyf Súdwest-Fryslân ûnder lieding fan argivaris Jack de Vries en in besite oan it Museum De Tiid.

Yn ien fan de markantste histoaryske monuminten fan Fryslân is sûnt septimber 2021 it Cultuur Historisch Centrum De Tiid fêstige. Iuwenlang tsjinne dat gebou yn it sintrum fan Boalsert, dat yn 1617 klearkaam, as stedhûs. No omfettet it in biblioteek, it gemeenteloket en gemeente-argyf, it Museum De Tiid mei winkel, in VVV-ynformaasjepunt, in auditoarium, trouseal, romten foar gearkomsten en in hoarekagelegenheid.

It Gemeente-argyf Súdwest-Fryslân sammelet en bewarret argiven, kranten en foto’s fan de eardere gemeenten dêr’t Súdwest-Fryslân út ûntstien is en fan buorgemeente De Fryske Marren en syn ynwenners, mar ek hûnderten argiven fan alderhande ferieningen, bedriuwen, tsjerken en skoallen. Der is bygelyks in komplete samling fan alle nûmers fan de Leeuwarder Courant fan 1752 ôf. Mei-inoar sa’n acht kilometer argyfstikken mei rûchwei 80 oant 100 miljoen dokuminten. Argivaris Jack de Vries sil út ’e doeken dwaan wat dêrfan digitaal of net-digitaal tagonklik makke is of noch makke wurde sil.

Yn ferbân mei opjefte fan it tal dielnimmers is oanmelden nedich. De tagong is fergees. De NGV betellet foar de gelegenheid kofje en de tagongspriis fan it museum.
Oanmelde: by de sekretaris fan de NGV ôfdieling Fryslân fia de mail op secretaris-FRL@NGV.nl, op syn lêst 31 augustus 2024.

Foto thússide: Tegeltablo ierdewurkfabryk (foto: Kolleksje Bouwe van der Meulen, boarne: Fryske Akademy)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter