Diel dit berjocht

Eksposysje en presintaasje oer brickpainting troch Ernesto Lemke

Byldzjend keunstner Ernesto Lemke makket kleurrike portretten dy’t mei LEGO-stientsjes ‘skildere’ binne. Syn eksposysje is noch op sneon 14 septimber te besichtigjen, mar op sneon 21 septimber om 15.00 oere jout Ernesto in presintaasje yn de Doarpstsjerke Huzum. Dan jout er útlis oer hoe’t er ta brickpainting kaam en wat him dêrby driuwt.

Nei syn presintaasje is der romte om de útstalling mei fyftjin brickpaintings foar de lêste kear te besichtigjen. De gearkomste duorret oant 17.00 oere.

Ernesto Lemke (1973) is fassinearre troch de minske en hoe’t wy waarnimme. Hoe sjogge wy nei de wrâld? Wat kinne wy fia keunst oer ússels leare? Ernesto is ûnder mear bekend fan syn optreden yn it telefyzjeprogramma Sterren op het doek. Hy makke it winnende portret fan Arjen Lubach.

It tal besikers by de presintaasje is beheind. Oanret wurdt om jo komst by Ernesto Lemke te melden. Dat kin troch in mailberjocht te stjoeren nei info@ernestolemke.nl.

De tagong is fergees. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen fia dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje stiet op www.dorpskerkhuizum.nl, ernestolemke.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

Doarpstsjerke Huzum (foto: ©Jan de Vries)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter