Diel dit berjocht

Eksposysje oer de Noarske Romantyk by Galery Bax Kunst

Galery Bax Kunst kundiget de langferwachte útstalling De Noorse Romantiek oan, ferrike mei de saggar firing-keramyk fan keunstneresse Jolanda van de Grint. De eksposysje ûnthjit in meislepende reis troch tiid en ferbylding te wêzen, dêr’t besikers yn ûnderdompele wurde yn de betsjoenende skjintme fan de Noarske natuer en de djipgeande ekspresje fan keramyk.

Wurk fan Johan Gibcus (foto: Bax Kunst)

De Noarske Romantyk
Keunstleafhawwers kinne har yn de eksposysje meifiere litte troch de tiidleaze skjintme fan de natuer, kultuer, myten en sagen. Fan 11 maaie oant en mei 22 juny 2024 ferwolkommet Galery Bax Kunst keunstleafhawwers om de wurken fan in stikmannich tige talintfolle hjoeddeiske keunstners te ûndergean. It giet ûnder oare om prachtige lânskippen en romantyske tafrielen skildere troch Olga Bijzitter, Johan Gibcus, Janey Robertson en Greetje Teerink.

Wurk fan Greetje Teerink (foto: Bax Kunst)

Saggar Firing
Neist de skilderijen sil de eksposysje ek in samling saggar firing-keramyk fan Jolanda van de Grint presintearje. Saggar firing, in âlde technyk dy’t noch hieltyd troch hjoeddeiske keramisten tapast wurdt, jout in unyk karakter en djipte oan de keramyske keunstwurken. Troch de ynteraksje tusken fjoer en materialen ûntsteane yntrigearjende patroanen en kleureffekten, sadat elk stik in ferhaal op himsels fertelt.

De kombinaasje fan de poëtyske lânskippen fan de Noarske Romantyk mei de organyske pracht fan saggar firing-keramyk kreëarret in harmonieus kontrast en biedt in nije manier om de natuer te belibjen.

Wurk fan Olga Bijzitter (foto: Bax Kunst)

Op ynternet
Alle keunstwurken dy’t útstald wurde by De Noarske Romantyk-eksposysje, binne net inkeld fysyk yn ’e galery te bewûnderjen, mar ek beskikber op de webside fan Galery Bax Kunst, baxkunst.nl. Dêr kinne besikers de wurken besjen en fuort bestelle. Boppedat is op it YouTube-kanaal fan Galery Bax Kunst in fideotoer fan de eksposysje te sjen.

 

Wurk fan Jolanda van de Grint (foto: Bax Kunst)

 

Wurk fan Janey Robertson (foto: Bax Kunst)

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter