Diel dit berjocht

Finale Liet 2024 op tongersdei 19 septimber

Yn de finale fan it Frysk sjongfestival Liet 2024 steane acht gloednije artysten en bands. Dêrneist sille de winner fan de finale Liet 2023, Melissa Pander en oanstjoarmjend talint Steyn Land, optrede.

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier hâlden op tongersdei 19 septimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, diskear ek wer mei in streekrjochte útstjoering op Omrop Fryslân. De útstjoering begjint om 19.30 oere. Melissa Pander iepenet de finale mei har winnende liet fan 2023: Foarby. Dêrneist bringt se har gloednije song: ‘Water bij de wijn’, op it poadium. Se lit har begeliede troch har fêste band. Steyn Land sil mei syn Skroat, de seal op ’e kop sette.

Diskear is der wer in online stimming foar it publyk. Dy stimming giet iepen as alle acht akts optreden ha en it publyk kin dan thús syn stim útbringe op de webside fan Liet of fia de webside fan Omrop Fryslân. It publyk tsjinnet sa it fiifde sjuerylid. De oare fjouwer sjueryleden binne muzikant Pieter de Boer (foarsitter), sjongeres Denise Rivera, dichteres en skriuwster Christa Niklewicz en radioman Wim Brons.

“Dit jier ha wy lykas ferline jier ek wer nije artysten op it poadium, neist al wat bekendere gesichten”, seit produksjelieder Christel Pieper fan Liet. “Nei in perioade fan tariedingen, wurdt it no tiid dat de artysten it poadium pakke en oan Fryslân hearre litte wat se yn ’e mars ha. Wy fernimme it oeral om ús hinne: de Fryske muzyk en taal libje. De teksten binne tige bysûnder en hawwe ferskate lagen. It is werklik de muoite wurdich om te kommen en te harkjen nei dizze artysten yn ’e finale fan Liet op 19 septimber.”

De dielnimmende artysten en bands binne André van der Weide, Elise Westerhof, Pietrik & Trynke, Lotte & Berend, Fegebart, Albert Meijer, Haitze F. de Vries en Hannah Hoogsteen. De tekstpriis, dy’t ferneamd is nei Gryt van Duinen, wurdt útrikt troch deputearre Eke Folkerts. De sjuery hat út de acht teksten dy tekst keazen dy’t him ûnderskiedt kwa orizjinaliteit, humor en aktualiteit.

De winner fan Liet 2024 sil Fryslân en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival op sneon 9 novimber yn Maastricht. It soe dochs wol in moaie opstekker wêze foar de Fryske taal as de winner fan Liet ék dat festival wint.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter