Diel dit berjocht

Frânske akrobaten fan Compagnie XY yn Ljouwert

Op útnûging fan de gemeente Ljouwert komt it Frânske kollektyf Compagnie XY fan 4 o/m 9 juny foar in ferrassende reis nei de stêd, en dat yn hertsje Huzum.

Compagnie XY (foto: ©Samuel Buton)

Hâld de eagen en earen iepen, want de groep akrobaten kin samar opdûke. Op strjitte, tusken bewenners of gewoan op de freedsmerk. Alle dagen giet it sirkusselskip in artistyk proses oan op in nije lokaasje, foar en mei in nij publyk. By harren foarstelling Les Voyages nimt it selskip bewenners, foarbygongers en publyk mei op in oandwaanlike reis troch harren eigen oantinkens. Yn de wyk dogge se ynspiraasje op en fertelle se úteinlik it ferhaal fan Huzum by Le Grand Rendez-vous yn De Alde Ambachtsskoalle (DOAS) op snein 9 juny om 15.00 oere.

Hoe’t de einfoarstelling der útsjocht is sels foar de sirkusgroep noch ûnbekend. Dy kriget pas foarm by harren besite, oan ’e hân fan tafallige moetingen en de ferhalen dy’t se opdogge. Der binne lykwol in pear mominten dat besikers garandearre de akrobatyske lifts en salto’s fan de groep oanskôgje kinne. Sa sil der freedtemoarn 7 juny wat barre op it Wilhelminaplein yn de binnenstêd fan Ljouwert, stiet op 8 juny in aktiviteit pland by de iepen dei yn de DOAS en fansels by Le Grand Rendez-vous op snein 9 juny, ek yn de DOAS.

Oerol
Nei it einoptreden yn Ljouwert reizget it selskip troch nei it Oerolfestival op Skylge. Tusken 12 en 15 juny sille sy harren voyage fuortsette yn West-Skylge.

Compagnie XY (foto: ©Samuel Buton)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter