Diel dit berjocht

Frysktalich boek oer filmklassiker ‘Fanfare’

Tiisdei 4 juny is yn filmhûs Slieker yn Ljouwert it boek De simmerske fanfare fan 1958 presintearre. Dat is in sjoch- en lêsboek yn it Frysk, dêr’t de lêzer yn mei werom nommen wurdt nei de simmer fan no 66 jier ferlyn. Doe waard yn Giethoorn de film Fanfare fan sineast Bert Haanstra opnommen.

Fanfare is nei Turks fruit de Nederlânske film dy’t it bêst besjoen is. Skriuwer Ronald van de Vate lit yn it boek alle aspekten fan de film Fanfare de revu passearje: fan oarspronklik idee, lokaasjekar en storyboards oant de minsken dy’t de film mooglik makken, sa as kameramannen, akteurs en aktrises. Fan it boek wie al in Nederlânske edysje, mar dy is no troch Nynke Beetstra út Grou yn it Frysk oerset. Sy sette earder Turks fruit fan Jan Wolkers oer yn it Fryske Turks swiet. Efteryn it boek oer Fanfare binne bledsiden taheakke oer Bert Haanstra yn Fryslân.

Foarôfgeand oan it fertoanen fan Fanfare waarden Ronald van de Vate en Nynke Beetstra ynterviewd troch filmkenner Asing Walthaus. De beide earste eksimplaren waarden oanbean oan Jan Mol (Henkie yn ’e film) en keunstneresse Hennie Haselaar dy’t it omslach fan it boek makke.

De simmerske Fanfare fan 1958; Fanfare, in filmklassiker fan Bert Haanstra | 104 siden | bûn, kleureprint | Priis: € 20,00.

Boarne: Nabij Producties Nijkerk

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter