Diel dit berjocht

Fulkaan Simmer Akademy 2024 úteinset

Op moandei 26 augustus sette de Fulkaan Simmer Akademy wer útein yn Skouboarch De Lawei yn Drachten. Mear as hûndert jonge muzikanten krije fan ’e wike lessen fan fakdosinten en topmusisy en wurkje mei minsken fan deselde âldens ta nei de einfoarstelling op freed 30 augustus.

De earste dei waard ôftrape mei ûnder oare in trombône-wurkatelier fan Eric Roelofsen en kamen de muzikanten mei-inoar yn ’e kunde. Mei it tema ‘tiid’ geane de muzikanten fan ’e wike mei ûnder oare diriginten, regisseurs en dekôrûntwerpers oan ’e slach foar in moaie einfoarstelling.

Foto: Jilmer Postma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter