Diel dit berjocht

Gedicht Marrit Jellema yn trije talen te lêzen

In gedicht fan de Ljouwerter Stedsdichter Marrit Jellema is oan ’e bûtenkant fan it Paviljoen Obe yn Ljouwert yn trije talen te lêzen. It giet om it twadde part, ‘21’, fan it gedicht ‘Geen ode zonder pijn’. Njonken it oarspronklike Nederlânsk is ‘21’ yn it Frysk en it Ingelsk oerset.

‘Geen ode zonder pijn’, de titel seit it al, is in oade oan Ljouwert dy’t ek de tsjustere kanten fan de stêd net mijt. It binne twa persoanlike momintopnamen. Yn it twadde part beskriuwt de dichter hoe’t se har yn ’e âldens fan 21 jier yn Ljouwert wolkom en thús leart te fielen. “De stêd jout my kânsen. De stêd jout my takomst. Sa’n leafdesferklearring fertsjinnet it om troch alle besikers oan Ljouwert sjoen te wurden”, seit wethâlder Hein Kuiken. “As European City of Literature binne wy tige wiis mei in Stedsdichter dy’t sa earlik en sa pasjonearre oer Ljouwert dichtet.”

Stedsdichter fan Ljouwert
Marrit Jellema is skriuwer, sprutsen wurd-artyst en dichter. Op 30 jannewaris waard se útroppen ta Stedsdichter fan de gemeente Ljouwert. Dat is se oant jannewaris 2026. As Stedsdichter skriuwt se oer Ljouwert en reflektearret se oer wat der libbet. De Stedsdichter hat in ûnôfhinklike en ferbinende funksje foar hiel Ljouwert. De Stedsdichter is kritysk en behelle en wakkeret de leafde foar wurdkeunst oan.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter