Diel dit berjocht

Keramykmuseum Prinsessehof presintearret jubileumútstalling

Al fyftich jier wurdt it Prinsessehof yn Ljouwert bystien troch in klup trouwe keramykleafhawwende Freonen. De feriening Freonen fan Keramykmuseum Prinsessehof sammelet wichtige hjoeddeiske keramyk en jout dy yn brûklien oan it Prinsessehof. Nei in heale iuw hat de feriening in swide kolleksje opboud. Ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean, en as tank foar de stipe, presintearret it Prinsessehof in jubileumútstalling.

Wurk fan Heringa/Van Kalsbeek, 2005 (boarne: Prinsessehof)

Yn de útstalling Gouden Vrienden: 50 jaar vriendschap wurdt in seleksje fan mear as 25 wurken út de samling fan de Freonen toand. De útstalling is fan no oan en mei 5 jannewaris 2025 te sjen. Sjoch foar mear ynformaasje op princessehof.nl/goudenvrienden. De kolleksje fan de Freonen lit de spektakulêre ûntwikkeling fan keramyk nei de Twadde Wrâldoarloch sjen. Foar it earst binne klaaimingsels en glazueren te keap foar elkenien en kin der folop eksperimintearre wurde mei techniken en materialen. Sa makket it tradisjonele gebrûksguod geandewei mear plak foar frijere foarmen. Ta eare fan it 50-jierrich bestean fan de freoneferiening set it museum in part fan de samling fan syn ‘gouden freonen’ yn ’e skynwerpers.

De keunstners
Yn ’e eksposysje wurdt ûnder oaren wurk toand fan Arnold Annen (1952, Switserlân), Carmen Dionyse (1921-2013, België), Bart Drost (1955, Nederlân), Alexandra Engelfriet (1959, Nederlân), Heringa/Van Kalsbeek, Eduard Hermans (1959, Nederlân), Kayoko Hoshino (1949, Japan), Bodil Manz (1943, Denemarken), Hanna Mobach (1934-2024, Nederlân), Barbara Nanning (1957, Nederlân), Anne Marie Laureys (1962, België), David Regan (1964, Amearika), Studio Wieki Somers (2003, Nederlân), Akio Takamori (1950-2017, Japan), Joan Takayama-Ogawa (1955, Amearika), Wolfgang Vegas (1958, Fenezuela) en ûnbekende makkers út Afrika.

Wurk fan Joan Takayama-Ogawa, 2003 (boarne: Prinsessehof)

Freon wurde
De feriening Freonen fan Keramykmuseum Prinsessehof sammelet al sûnt 1974 wichtige keramyk en bewarret dy foar de kommende generaasjes. Mei harren bydrage meitsje de Freonen ferskate útstallingen en ûnderwiisprogramma’s fan it museum mooglik. Yn 2014 toande it Prinsessehof ek al in seleksje út de samling ta eare fan it 40-jierrich jubileum fan de feriening. Yn it byhearrende boek Verzamelde Vrienden binne alle oankeapen út dy fjirtich jier fan sammeljen te sjen. De ûntsteansskiednis fan de kolleksje wurdt ek beskreaun. It boek is yn ’e museumwinkel te keap foar € 39,95, Freonen fan Keramykmuseum Prinsessehof ûntfange it boek fergees.

Minsken dy’t it Prinsessehof stypje wolle, kinne har oanmelde as Freon. Sjoch foar mear ynformaasje op princessehof.nl/wordvriend. Freon wêze jout ferskate foardielen lykas fergeze tagong ta it museum en tagong ta eksklusive iepeningen en aktiviteiten.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter