Diel dit berjocht

Lêzing fan Onno en Hans Blom oer de ferburgen skiednis fan harren famylje

Onno Blom gie tegearre mei syn heit, de histoarikus Hans Blom, eks-direkteur fan it NIOD, op ’e siik nei de ferburgen skiednis dy’t syn famylje yn ’e Twadde Wrâldoarloch teskuorde.

Onno syn pake Jan Blom siet yn it ferset, mar syn oerpake siet mei syn frou en sân oare bern by de NSB. Op snein 2 juny jouwe Onno en Hans Blom yn it Frysk Museum in lêzing oer harren famyljeskiednis. Nei de lêzing is der in fraachpetear mei heit en soan Blom oer harren syktocht. Hokker ynfloed hat de oarloch hjoed-de-dei noch op de libbens fan beide? De lêzing begjint om 14.30 oere en in kaartsje kostet 5 euro. In kaartsje kin reservearre wurde op friesmuseum.nl/onnoblom.

Fersetsgroep De Duif
Yn ’e oarloch bruts Jan mei de rest fan ’e famylje en oan it begjin fan de Hongerwinter gie er op in fyts sûnder bannen nei Fryslân om him dêr by de fersetsgroep De Duif te foegjen. Syn bêste freon, de gewestlik operaasjelieder fan it Fryske ferset, Philip Pander, soe de oarloch net oerlibje. Pander wie ferantwurdlik foar it útsmiten fan wapens, dûkte ûnder yn De Gaastmar en waard yn Tsjerkwert troch de Dútsers pakt. Fjouwer dagen foar de befrijing waard er eksekutearre. Wat spile him allegearre yn it Fryske ferset ôf? Hoe slagge it Onno syn pake om te oerlibjen? Hoe kaam er nei de oarloch as fertsjintwurdiger fan it Fryske ferset yn ’e stêf fan Prins Bernhard?

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter