Diel dit berjocht

Lêzing troch Sybrand van Haersma Buma oer Wiardus Willem (Wite) Buma

Op woansdei 26 juny 2024 om 20.30 oere hâldt boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma in lêzing foar it Keninklik Frysk Genoatskip. Net-leden binne ek fan herten wolkom.

Sybrand van Haersma Buma fertelt oer de tiid fan syn betbetoerpake Wiardus Willem (Wite) Buma (1802-1873), doe’t de geast fan feroaring allegeduerigen yn botsing kaam mei de winsk ta behâld fan wat der fan it âlde Fryslân noch wie. Yn it begjin fan de 19e iuw wie Fryslân fan in grutsk selsstannich gewest mei in eigen steedhâlder, feroare yn in perifeare provinsje, ûnderhearrich oan it regear yn De Haach. Dat ferlies oan eigenheid late ta oplibjen fan de belangstelling foar it romrofte Fryske ferline. In lytse boppelaach fan âlde adel en nije boargerij rûn foarop yn it opnij ûntdekken fan de eigen Fryske identiteit.

De oprjochting fan it Frysk Genoatskip yn 1827 wie dêr in wichtige utering fan. In promininte fertsjintwurdiger fan dy elite wie mr. Wite Buma, deputearre, lid en presidint fan it provinsjaal gerjochtshôf fan Fryslân. As entûsjast histoarikus en foaroansteand lid fan it Frysk Genoatskip djippe er de iene nei de oare fynst út it rike Fryske ferline op, dy’t er op genoatskipsjûnen presintearre en dêroer publisearre yn De Vrije Fries.

Wat: Lêzing;
Wêr: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert);
Wannear: woansdei 26 juny (20.30 oere);
Ynformaasje oer oanmelden fia dizze link.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter