Diel dit berjocht

Ljouwert stelt him offisjeel kandidaat foar European Youth Capital 2028

De begrutting is goedkard en de projektgroep kin no mei jongelju in bidboek gearstalle. Dat plan moat de Europeeske sjuery oertsjûgje fan de krêft, it entûsjasme en de driuw fan de jonge minsken yn de gemeente om Ljouwert oan te wizen as European Youth Capital yn 2028. Yn it bidboek steane ûnderwerpen dy’t jongelju yn Ljouwert wichtich fine, it programma foar it jier 2028 en de aktiviteiten yn ’e oanrin dêrhinne.

Stevige gearwurking mei jongelju
It wurdt in bidboek troch en foar jonge minsken. Dy binne oan set. Dêrmei kriget jongereinpartisipaasje in flinke ympuls. In effekt dat ek nei 2028 trochklinke moat. Wethâlder Nathalie Kramers: “It is in geweldige stap foar Ljouwert. Wy witte dat it net maklik wêze sil, mar mei de stipe fan de gemeenteried en jongelju kinne wy dit mei-inoar dwaan. Jonge minsken krije de kommende jierren in dúdlikere stim yn it belied fan ús gemeente. En de inisjativen fan jongelju en jongereinorganisaasjes krije in stevich plak yn it bidboek foar European Youth Capital 2028.”

Wêrom European Youth Capital 2028?
Alle Europeeske stêden dy’t de titel European Youth Capital drage, metsje bewust wurk fan jongereinbelied en jongereinpartisipaasje. Jonge minsken krije de romte om aktyf yn ’e mienskip mei te dwaan. It EYC-jier is der om dêr ekstra omtinken oan te besteegjen. Boppedat giet it fierder as de gemeente allinnich. Jonge minsken ferromje figuerlik en letterlik grinzen troch gear te wurkjen mei Europeeske partners en minsken fan harren jierren.

Meiwurkje oan it bidboek
It opstellen fan it bidboek is in proses dêr’t elkenien oan meidwaan kin: jongelju, jongereinorganisaasjes, oare lokale organisaasjes en ynstellingen, bedriuwen en alle oare nigethawwers. Hja wurde útnûge om by te dragen en mei te tinken. Ideeën binne wolkom en kinne dield wurde fia eyc2028@leeuwarden.nl.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter