Diel dit berjocht

Midsimmerjûn Gerben Rypma Stichting yn ’e greiden op Nijhuzum

Gerben Rypma (1878-1963) hat net allinnich skildere en dichte mar ek mear as 450 siswizen skrean en sammele mei as titel Siedkerlen. Komponist Feike van Tuinen hat sechstjin siswizen op muzyk set, lykas: ‘Set in kikkert yn ’e stoel – Hy springt wer yn ’e poel’ of ‘In hastich minske moat op in ezel ride’.

Se wurde sneon 6 july jûns 20.00 oere songen troch bariton Ben Brunt mei pianiste Saskia Zoet; ôfwiksele troch ferteller Douwe Kootstra, dy’t mei ferhalen Gerben Rypma ta libben bringt. It poadium leit yn ’e greide by de Klompepleats op Nijhuzum, by min waar is it yn de golle fan de pleats.

Sjoch op www.gerbenrypma.nl foar it programma en oanmelden.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter