Diel dit berjocht

Nij by de Afûk: ‘Do bist de leafste’

De dichtbondel Jij bent de liefste, yn it Nederlânsk skreaun troch Hans en Monique Hagen, is no by de Afûk yn it Frysk útkommen. Dizze tiidleaze bondel waard yn earste ynstânsje skreaun foar bern, mar it boek docht it goed by minsken fan alle leeftiden. Eppie Dam soarge foar de prachtige Fryske oersetting.
Jij bent de liefste kaam al yn tsien oare talen út, en yn it Nederlânsk is er alwer oan de 37e (!) druk ta. Dat seit wat oer it sukses fan de bondel. Hans en Monique Hagen binne bliid mei de Fryske oersetting: “Wat heeft Eppie Dam het mooi vertaald. Wij spreken geen Fries, maar als we het hardop uit proberen te spreken, klinkt het allemaal heel soepel. Het ziet er prachtig uit, we zijn er heel blij mee.”
Mei de sfearfolle tekeningen fan Marit Törnqvist is it hiel geskikt as kadoboekje foar dyn leafste, of bygelyks as kreamkadoke, mar ek as treast yn drege tiden.

LEAFSTE
ik sykje in wurd
in hiel nij wurd
in wurd dat dij noch mist
ik sykje in wurd
dat sizze wol
datsto de leafste bist

Boekgegevens Do bist de leafste
Auteurs: Hans en Monique Hagen
Yllustrator: Marit Törnqvist
Oersetting: Eppie Dam
Utfiering: miny-edysje 145×165, ynbûn, 50 siden
Leeftiid: alle
ISBN: 9789493318366
Ferkeappriis: € 12,50

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter