Diel dit berjocht

Ofhelferhalen

Tinkst oan Fryslân, dan tinkst al gau oan sûkerbôle en Fryske dúmkes. Mar Fryslân anno biedt dochs safolle mear? By Afhaalverhalen komst yn ’e kunde mei alle geuren, smaken en ferhalen dy’t ús regio ryk is.

Romke Gabe Draaijer en Eline de Vries nimme de minsken mei op in smaakfolle wrâldreis troch harren eigen doarp. Se begjinne yn it lokale Sineesk-Yndyske restaurant, dêr’t it earste ferhaal en in amuze op harren wachtsje. Dêrnei folget in kuier nei de dinerlokaasje, dêr’t se mei-inoar oan tafel skowe foar in priuwerij fan trije gerjochten. Dy ûntbleatsje allegearre in nij ferhaal.

It lokaasjeteäter docht fiif plakken yn Fryslân oan. Oeral begjint it by it pleatslike Sineesk-Yndyske restaurant. Dêrút wei begjint in lytse wrâldreis en kuierje de dielnimmers mei-inoar nei de dinerlokaasje. Yn dy moetingsfoarstelling fiere se mei-inoar de rykdom oan kultueren en smaken en proaste se op nije moetingen.

Oan it inisjatyf Afhaalverhalen kin tusken april en maaie 2024 noch op De Gordyk, yn De Pein, Beetstersweach en Warkum dielnommen wurde.

Foto: Heleen Haijtema

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter