Diel dit berjocht

Simmereksposysje by Galery Bax Kunst

De Simmereksposysje fan Galery Bax Kunst rint noch oant en mei 14 septimber 2024. De bysûndere útstalling jout in fariearre en ynspirearjend oersjoch fan keramyk en skilderkeunst fan ferneamde keunstners dy’t al lang oan ’e galery ferbûn binne.

Wurk fan Anneke Harting (boarne: Bax Kunst)

Sintraal yn ’e eksposysje stiet de keramyk fan Anneke Harting. Har stienguod keramyk, op 1240 graden bakt, is net inkeld in fisuele pracht, mar ek foar in part gaadlik om bûtendoar te brûken. Elts unyk objekt wurdt presintearre mei in eigen keramysk boekje, dêr’t de útlis fan it wurk yn jûn wurdt en dat soarget foar in ferdjipjend ynsjoch yn it kreatyf proses en de betsjutting.

Neist de keramyk fan Anneke Harting binne der ek skilderijen te sjen fan Henry Brand, Daniël Dumont, Jochem de Graaf, Caspar van Houten en Barbara de Jong. Dy hawwe de ôfrûne jierren in fêst plak yn de kolleksje fan Galery Bax Kunst ynnommen, en der wurdt geregeld wurk fan harren ferkocht. De útstalling jout besikers de kâns om nije wurken fan dy wurdearre keunstners te ûntdekken.

Henry Brand ‘Living in the City II’ (boarne: Bax Kunst)

Fanwegen de populariteit fan de oangeande keunstners en de wat koartere doer fan de eksposysje, wurdt oanret om dy op ’e tiid te besjen. Foar wa’t net by steat is om fysysk nei de galery te gean, binne alle keunstwurken ek fia in fideotoer te besjen op it YouTube-kanaal fan de galery. Boppedat kinne keunstleafhawwers harren favorite wurken maklik fia de webside www.baxkunst.nl bestelle.

Foto thússide: Anneke Harting ‘Tulp II’ (boarne: Bax Kunst)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter