Diel dit berjocht

Skulptueren fan Herbert Nouwens te sjen by Museum Belvédère

Yn it Museumpark fan Museum Belvédère binne oant en mei 22 septimber njoggen monumintale skulptueren fan de Nederlânske byldhouwer Herbert Nouwens (1954) te sjen, ûnder de neamer Belvédère Suite nei analogy fan de muzikale term.

Skulptuer fan Herbert Nouwens (foto: Museum Belvédère)

Seis skulptueren binne selektearre út ferskillende perioaden út Nouwens syn omfangrike oeuvre en trije bylden binne spesjaal foar de útstalling makke. Dêrneist is yn ’e westfleugel fan it museum in keamerpresintaasje mei lytser wurk fan syn hân te sjen.

Tema’s as ‘beweging en ferstilling’, ‘fergonklikens’ en ‘libben en dea’ steane sintraal yn it wurk fan Nouwens. De konstruktive en destruktive krêften yn ús wrâld ynspirearren him ta it meitsjen fan syn nije bylden foar Belvédère Suite. De titel fan de útstalling ferwiist nei de meardielige dûnskomposysjes út de barok. Ferskate dûnsen wurde dêryn nei harren kontrastwurking oardere. Trochdat de útinoar rinnende dielen fan in suite deselde toansoarte hawwe, foarmje se dochs ien gehiel.

Mei de seleksje en pleatsing fan de njoggen skulptueren yn it Museumpark siket de keunstner nei in selde spul tusken de bylden ûnderinoar en yn ferhâlding ta it strakke symmetryske ûntwerp fan it parklânskip. Nouwens is bekend fan syn trochgeans grutte, faak grillich foarme bylden fan brûkte materialen – benammen stiel – dy’t spoaren fan in earder libben yn har drage.

Nouwens die syn oplieding oan de Stedsakademy yn Maastricht, dy’t er yn 1977 ôfsleat mei it winnen fan de Henriëtte Hustinkxpriis. Hy ferfolge syn stúdzje mei in postakademyske oplieding oan de Jan van Eyck-akademy, ek yn Maastricht.

Foto thússide: Skulptuer fan Herbert Nouwens (© Museum Belvédère)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter