Diel dit berjocht

Tresoar kriget argyfmateriaal oer Bataljon Fryslân yn Nederlânsk-Ynje

Tresoar hat in bysûnder argyf yn ûntfangst nommen. It giet om deiboeken, brieven en oare dokuminten fan Willem de Boer (1924 -1980) fan Easterein oer syn perioade yn Nederlânsk-Ynje yn ’e earste jierren nei de Twadde Wrâldoarloch.

Foto: Tresoar

Willem meldt him yn de simmer fan 1945 oan as oarlochsfrijwilliger (OVW’er). Hy wurdt úteinlik yndield by it yn septimber 1945 oprjochte Bataljon Friesland. Nei in oplieding krigen te hawwen yn it eardere NAD-kamp te Donkerbroek en útrissing yn it Ingelske Wokingham, set er ôf mei it bataljon yn novimber dat jier mei it skip de Johan van Oldebarneveldt nei Nederlânsk-Ynje.

Willem is yn de tiid fan it ferbliuw fan it bataljon yn Nederlânsk-Ynje (maart 1946 -juny 1948) aktyf as radiotelegrafist. Letter wurdt er yndield by de Militêre Plysje (MP). It aksjegebiet giet oer de plakken Cimahi, Bandung, Purbalingga en omkriten. Op 14 july 1948 is it bataljon yn Rotterdam werom. Yn ‘e deiboeken skriuwt er wiidweidich oer wat er yn ‘e east belibbe hat. Bysûnder is dat se yn it Frysk skreaun binne. De deiboeken en oare dokuminten, skonken troch syn soan Bob, foarmje in wolkomme oanfolling op de argiven en kolleksjes dy’t Tresoar ûnderwilens oangeande de Fryske ynbring yn de ‘polisjonele aksjes’ yn Nederlânsk-Ynje yn besit hat.

Neist de dokuminten hat Bob ek ôfstân dien fan ferskate foarwerpen dy’t op dy perioade betrekking hawwe. Blikfangers dêrfan binne de twa skipskisten dêr’t Willem de Boer syn guod yn ferfierde. Dy en de oare foarwerpen binne oan it Frysk Fersetsmuseum oerdroegen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter