Diel dit berjocht

Eksposysje Ernesto Lemke yn Doarpstsjerke Huzum

De Doarpstsjerke Huzum is dit jier ek wer iepen foar Tsjerkepaad. It sintrale tema is dit jier ‘Rûntsjes om ’e tsjerken’. Yn deselde perioade is der ek wer in nijsgjirrige eksposysje. Fan ’t simmer eksposearret dêr de skilder Ernesto Lemke. De eksposysje is fan 6 july oant en mei 14 septimber 2024, alle sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere te sjen. De iepening fan de eksposysje sil – tagelyk mei de start fan Tsjerkepaad 2024 – op 6 july wêze.

Ernesto Lemke (1973) is fassinearre troch de minske. Sûnt syn ôfstudearjen oan Keunstakademy Minerva yn 1997 skildere er foaral portretten, oant syn dielnimmen oan it telefyzjeprogramma Legomasters yn 2020 him ûnferwachts op it spoar fan LEGO sette. Syn kleurrike mei LEGO ‘skildere’ portretten boartsje mei de wize dêr’t men op waarnimt. Fan tichteby binne de bekende stientsjes te sjen. Fan in ôfstân wurdt de ôfbylde persoan sichtber. Unyk is dat Lemke sûnder gebrûk fan kompjûterprogramma’s wurket, mar suver ôfgiet op wat syn skilderseach waarnimt. Neist de LEGO-portretten toant Ernesto ek skilderijen fan oalje- en akrylferve.

By de iepening, op 6 july, wurdt de muzyk fersoarge troch oargelist Jelle Rollema. Op de oare sneontemiddeis sil it oargel ek bespile wurde. Yn de Tsjerkepaad-perioade sille in natuerkuier by de Potmarge del en rûnliedingen oer it begraafplak fersoarge wurde. Dêr sille ôfsûnderlike meidielingen oer publisearre wurde.

Nigethawwers binne fan herten wolkom yn de âlde, mar tige fraaie tsjerke. De tagong is fergees. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen fia it mailadres dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter