Diel dit berjocht

Wurk fan Klaske Bootsma yn Afslag BLV

Yn it wurk fan Klaske Bootsma (1995) spilet de ûnderlinge relaasje tusken keunstner en wurk, tradysje en eksperimint, en materiaalkar in grutte rol. Hja hechtet der wearde oan dat har wurk net folle ferberget en dat it proses om it te meitsjen sa transparant mooglik bliuwt.

Yn ’e soloútstalling 11:37 toant frou Bootsma resinte tekeningen en skilderijen op kanvas. Dêrneist presintearret se keunstwurken dy’t makke binne op fuortsmiten, út de kontener fiske en midstroch seage stikken hout. Klaske Bootsma studearre oan Akademy Minerva en it Frank Mohr Ynstitút yn Grins. Hja wennet en wurket yn Grins.

Afslag BLV is iepen op tiisdeis o/m freeds fan 11.00 oant 17.00 oere, sneons en sneins fan 13.00 oant 17.00 oere. Minckelerstrjitte 11 op It Hearrenfean. Fergees tagonklik. Afslag BLV is in inisjatyf fan Museum Belvédère yn gearwurking mei de gemeente It Hearrenfean, Museum Hearrenfean, it X-Y Fûns en de Provinsje Fryslân.

Foto thússide: Wurk fan Klaske Bootsma (boarne: Museum Belvédère)

Wurk fan Klaske Bootsma (boarne: Museum Belvédère)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter