Diel dit berjocht

Kariljonkonserten yn Snits mei ek bûtenlânske beierdiers

Dizze simmer organisearret beierdier Bob van der Linde (29) fiif simmerkonserten op it kariljon fan de Martinitsjerke yn Snits. Kommende woansdei, 31 july, spilet de Australiër Peter Bray op it kariljon en woansdei 14 augustus de Amerikaanske beierdier Claure Janezic. Beide binne 24 jier âld. Alle konserten begjinne om 20.00 oere

De beierdier fan kommende woansdei, Peter Bray, heart, krekt as Bob van der Linde, by de nije generaasje beierdiers. Hy hat in breed repertoire: fan Bach oant Edith Piaf. Belangstellenden kinne him yn aksje sjen ûnder op it harkersplak by de yngong fan de Martinitsjerke, op it Oud Kerkhof. Dêr hinget in skerm mei in livestreamferbining. Thús is it konsert live te folgjen, fia www.swf.frl/martinitoren. De organisator, Bob van der Linde, wol it kariljon tichter by de minsken bringe. Sit in beierdier altyd heech yn in toer en hat dy net in soad kontakt mei syn of har harkers, Van der Linde siket Bob it kontakt just op. Hy en de oare beierdiers komme, nei it konsert, dêrom nei ûnderen ta. Elkenien kin harren moetsje.

It earste konsert, op 3 july, spile Van der Linde sels. Op 17 july wie der in 43-jierrige Poalske spylster. Op woansdei 14 augustus komt Claire Janezic (24) út Amearika en op woansdei 28 augustus slút de Belgyske Wim van den Broeck de rige.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter