Diel dit berjocht

As it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin

Fan Ljouwert nei Reduzum

Op 27 augustus 2020 kuierje ik wer. De bedoeling is om yn Aldebiltsyl it paad wer op te sykjen en dan nei Ljouwert te rinnen, mar it reizgjen mei trein en bus falt ôf, dat it wurdt my te let om noch nei Aldebiltsyl ta. Ik pas myn plan oan en rin fan Ljouwert nei Reduzum.

Troch it wachtsjen op de bus dy’t net komt haw ik royaal de tiid om it stedslibben fan Ljouwert yn my op nimmen. Wat is Ljouwert feroare. Rûnom hege kantoargebouwen en wrachtich sels in wolkekliuwer. Der is eins neat mear dat ik noch fan myn jonge jierren ken. Ljouwert is no ek studintestêd. Oeral jonge minsken. Dat wie yn de trein ek te sjen.

Ljouwert, Van Harinxmakanaal (eigen foto)

It is al tolve oere as ik de kuier begjin. Ik rin de spoaroergong oer en kom op de Skrâns. It is drok om my hinne en ik haw sin om op in rêstich plakje wat te iten. Ticht by it wetterke de Potmarge fyn ik sa’n plakje. Efkes fan de drokte bekomme. It iten smakket nei mear, mar ik moat wat foar letter op ’e dei bewarje. Nei in healoerke begjint de tocht echt. De hânwizer is hjir net dúdlik. Ik moat yn de rjochting fan Goutum. Dat is oer de grutte brêge oer it Van Harinxmakanaal. Op dy brêge is goed te sjen dat de útwreiding fan Ljouwert lang troch dit wetter opkeard is. Foarby de brêge fyn ik de hânwizer fan it paad werom.

Ik moat troch Goutum. Dat is troch de tiid hinne hielendal troch de stêd ynsletten. It is no in rêstige wyk fan Ljouwert mei goed ûnderholden huzen en strjitten. De âlde tsjerke hat in moaie stompe toer en stiet bekend as in bysûnder monumint. Goutum is tink by de measte minsken better bekend om it krematoarium dat hjir stiet. Dat wie ien fan de earsten yn ús lân. De gebouwen steane yn it grien ferskûle. Ik rin op in fytspaad mei in opfallende namme. Op it nammebuordsje stiet Lykwei[1]. Ja, Friezen binne yndied wol nochteren en fernimstich.

Techum (eigen foto)

In lyts eintsje fierderop feroaret de namme yn De Buorkerij. De dyk is no in ûntslutingswei foar de nije stedsútwreiding de Súdlannen. Bysûnder is dat hjir eins nije doarpen boud wurde. De huzen steane yn klusters byinoar. Sa hâldt de omjouwing in hiel iepen karakter. Ik kom oer De Buorkerij yn Techum oan. Dat is sa’n nij doarpke. De strjitnammen hjir binne ûntliend oan ûnderdielen fan boerepleatsen. Troch in tunneltsje ûnder de Wâldwei troch kom ik oan de oare kant fan dy súdlike begrinzing fan dizze nije wyk. No haw ik it geve âlde lânskip wer om my hinne. Foar my sjoch ik de toer fan Wurdum. Lofts, yn it easten, leit Wergea mei syn twa tsjerketuorren. Hjir is te sjen dat de see it lânskip foarme hat. De bochtige Wurdumerfeart hat fêst in slinke yn in kweldergebiet west.

 

Wurdum, tsjerkemuorre (eigen foto)
Wurdum (eigen foto)

Yn Wurdum sjoch ik efkes by de tsjerke. Ik lês dat er fan binnen hiel moai is. Spitich dat de doar ticht is. Dizze tsjerke hie ea twa tuorren. Ien dêrfan wie fan tufstien en koe dêrtroch djoer ferkocht wurde om der mitselsemint fan te meitsjen. Dat besoarge de Wurdumers letter de bynamme Tuorkefretters. De buorren sjocht der, fyn ik, wol foarnaam út.
Ticht by de tsjerke is it bekende hotel fan de famylje Duhoux. Dêr fuortby stiet in deftich grut hûs, in âlde slachterswinkel. ‘Modelslagerij’ stiet mei grutte letters op de gevel.

Sicht op Wergea (eigen foto)

Ut Wurdum wei gean ik oer de lange, rjochte dyk nei Idaerd. Rjochts, nei it westen, sjoch ik it spoar en de rykswei út it suden wei nei Ljouwert. Lofts, yn it easten, lizze yn ’e fierte de Wergeastermarpolder en de Grutte Krite. Hielendal gjin doarpen mear te sjen. Dy kant út leit de wetterwrâld fan Grou en Earnewâld. Efkes foar Idaerd kin ik de wat ientoanige dyk ferlitte en de kant fan Reduzum op gean. Der is earst in tunnel ûnder it spoar en grutte dyk troch. Yn de tunnel wurdt it lûd fan it ferkear fersterke ta in helsk kabaal. Nei de tunnel is de drokte fan auto’s foarby. It is noch in pear kilometer nei Reduzum ta. De dyk giet stadichoan oer yn in strjitte mei oan beide kanten bebouwing. Ik haw nea witten dat Reduzum in streekdoarp is mei in behoarlik oantal ynwenners. De bushalte is by de trijesprong yn de buorren. Ik beslút om wer nei Ljouwert te reizgjen en dan de rjochtstreekse trein nei Lelystêd te nimmen.

It reizgjen mei it iepenbier ferfier falt hjoed net ta: faak wachtsje en ûnwissichheid oer bus en trein. Dochs sil ik dizze dei net gau ferjitte.

[1] Sjoch https://fy.wikipedia.org/wiki/Lykwei.

Foto op de thússide: Ljouwert, sjoen fan de Van Harinxmabrêge ôf.

De sânde ôflevering sil op freed 5 july te lêzen wêze.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter