Diel dit berjocht

Boeren yn petear mei deputearre Abel Kooistra oer takomst fan de lânbou

De provinsje Fryslân wurket foar de kommende jierren oan in nije fyzje op de lânbou. Dy wurdt oerset nei in Beliedsbrief lânbou. Deputearre Abel Kooistra: “Ik wol mei Fryske boeren yn petear om op te heljen wêr’t ferlet fan is. De ynbring dy’t se jouwe, sille wy, wêr’t it kin, ek meinimme yn it nije Fryske lânboubelied.” Boeren binne útnûge foar ien fan de trije gearkomsten ‘Efkes buorkje mei Abel’ op 5, 12 of 19 septimber. Dy binne alle kearen op in boerehiem yn Fryslân.

Strânljip by Hilaard (foto: Provinsje Fryslân)

‘Efkes buorkje mei Abel’
De opset fan de gearkomsten ‘Efkes buorkje mei Abel’ is yn brede sin te ferlykjen mei it telefyzjeprogramma College Tour, dêr’t studinten ûnder lieding fan in presintator in ynspirearjende gast harren fragen yn stelle. Op dizze jûnen fertolket Abel Kooistra de rol fan ‘ynspirearjende’ gast, lânbousjoernalist Sjoerd Hofstee de presintator en komme de boeren yn de wichtige rol fan ‘de studinten’. Op dy wize wol de deputearre harren ideeën ophelje. Ideeën dy’t de Fryske boeren trouwens foarôf ek al yntsjinje kinne by harren oanmelding fia de webside fan de provinsje www.fryslan.frl.

De gearkomsten begjinne om 20.00 oere (ynrin 19.30 oere) op:

  • Tongersdei 5 septimber; Mts v.d. Bos, Witmonnikswei 1, Holwert
  • Tongersdei 12 septimber; Mts Bergsma, Van Sytzamawei 7, Friens
  • Tongersdei 19 septimber; Mts Van Weperen, Jardinge 3, Easterwâlde

Nije beliedsbrief fan ’t hjerst klear
Ofrûne moannen wiene der al petearen mei doetiidske deputearre Wiersma en fertsjintwurdigers út de ferskillende sektoaren wei, lykas belangebehartigers, kollektiven, kennisynstellingen en bedriuwslibben. Alle ynbring wurdt, wêr mooglik, meinommen yn de nije beliedsbrief lânbou dy’t fan ’t hjerst oan Provinsjale Steaten oanbean wurdt.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter