Diel dit berjocht

Bosk fan Ypey

 

 

Der kaam dizze maitiid in alderaardichst boekje út mei kuiertochten yn Tytsjerksteradiel, Doarpskuierkes, alles wat Fryslân moai makket. It giet om 19 tochten om de fyftjin doarpen hinne. Der steane dúdlike rûtebeskriuwingen yn mei kaartsjes en foto’s en beskriuwingen fan wat ûnderweis te sjen is. De foto’s binne makke troch Marcel van Kammen, dat kin dus net better.

Der is in soad te sjen en te lêzen. Yn it stikje oer Tytsjerk wurdt fansels Vijversburg neamd. Friezen yn Hurdegaryp hawwe it dan oer ‘De Bosk fan Ypey’. Wysels komme der al jierren. Eartiids mei ús eigen bern, no út en troch mei de bernsbern. (‘Lytsbern’ hear ik sa no en dan, en dan giet my de grize oer de grouwe; hawar.) It park Vijversburg is net yn de rûte opnommen. It is ek net mear as yn it ferline fergees. Wy binne freon foar in lytse kontribúsje.

                     

Vijversburg op Swarteweisein is in moai park mei slingerpaadsjes, in grutte fûgelkouwe, keunst, in kaktuskas, fivers, in pearse beamtoer om út te sjen, en in soarte fan wetterdoalhôf mei sleatsjes dêr’t de wat gruttere bern mei driuwende helpmiddels in bytsje yn farre kinne. Wier in oanrieder om dêr op in moaie middei in kuiertocht te meitsjen.

It park hat ek in âlde lineleane  en in sinnewizer út 1750 mei as opskrift “breve et irrevocabile tempus” (de tiid is koart en komt net werom).  Ik haw der ea in sonnet oer skreaun en it brûkt  by de bêste winsken foar it nije jier. Letter is it op in aansichtkaart útjûn troch ‘Atelier Fryslân’.

Bosk fan Ypey

Hjir lis ik dan, deun neist de grutte dyk
en troch myn lineleane en kronkelpaderyk
dwale jûns de pearkes en oerdei de bern.
Myn libben giet wol troch, myn takomst net ferlern.

Ik haw de simmer leaf, de fûgels yn de loft.
Noch mear in dizige desimberdei mei kloft
fan guozzen en mysels ferliezend yn de grûn,
blêden dy’t fergeane, myn libbenskrêft giet rûn.

De sinnewizer mei in spreuk yn it Latyn
jout oan it kuierjend folk al iuwen in termyn.
In dea foarsizzend skaad is oer elts libben lein.

Unthâld, koart is de tiid, oan alles komt in ein.
Soks wurdt troch minsken meast net mei blidens lêzen.
Wa kin ferneare der skielk net mear te wêzen?

Pier Bergsma

foto’s Pier Bergsma

 

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter