Diel dit berjocht

Dino Dûbelgongers yn Natuermuseum Fryslân

Fan ’t simmer is net íén Dino yn Ljouwert te sjen, mar sels twa. De earste, de Triceratops, stiet yn it pop-upmuseum yn ’e Blokhúspoarte (in gearwurkingsprojekt fan it Natuermuseum Fryslân mei dbieb en Naturalis). De twadde, de Thescelosaurus, is te sjen yn ’e ekspo Dino Dubbelgangers yn it Natuermuseum. Dy útstalling giet oer dino’s mar ek oer bisten fan no.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Yn Dino Dubbelgangers sjogge besikers op hokker wize moderne bisten wat fertelle oer bisten fan hiel lang lyn. It is net mooglik om in libbene Thescelosaurus te bestudearjen, mar troch nei bygelyks in ree te sjen, kin men wol it hâlden en dragen en fretpatroan yn kaart bringe. Bygelyks tosken fertelle ús net allinnich wat in dinosaurus friet, mar jouwe ek wat priis oer syn deistich libben: wie it in fûle jager of in fredige plantefretter? Troch ferliking mei de bisten fan no, kin in foarstelling makke wurde fan hoe’t dy grutte bisten ea op ierde omrûn hawwe.

Yn ’e eksposysje kinne bern ûntdekke hoe’t it Triceratops op in oaljefant liket, wat Spinosaurus mei in gaviaal/krokodil oerienkomstich hat en wêrom’t in Tyrannosaurus res mei in hyena te ferlykjen is. Nei alle bisten besjoen te hawwen, geane de bern sels oan ’e slach. Yn ’e spesjale ûndersykshoeke lizze ferskillende soarten tosken en kiezzen en ferskillende soarten fretten. Wat past by in plantefretter, in fleisfretter en in allesfretter?

De jongste bern kinne har as dino ferklaaie, bisten fan eartiids en no yninoar puzelje mei magneten en in eigen legosaurus bouwe. Yn ’e lêshoeke lizze sitsekken om lekker yn wei te dûken mei Boer Boris en de dino en oare dinoboeken.

Dino Dubbelgangers is oant en mei 5 jannewaris 2025 yn Natuermuseum Fryslân te sjen. De Triceratops stiet oant en mei 18 augustus yn it pop-upmuseum yn ’e Blokhúspoarte. Tusken beide lokaasjes is in rûte makke dêr’t bern as echte paleontologen bonken sykje kinne.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter