Diel dit berjocht

Fryske siedmingsels fan en foar Fryske grûn

Fjildlatirus © It Fryske Gea

It Fryske Gea (IFG) en kwekerij Cruydt-Hoeck út Nijeberkeap hawwe Fryske Siedmingsels gearstald. Yn de natuergebieten fan IFG lykas de Slachtedyk is alderhande sied wûn. Dat is yn de kwekerij fermeardere. No is it yn gruttere poarsjes beskikber foar grûneigeners en kin it bioferskaat fergrutte wurde. Benammen Wetterskip Fryslân is dêr tige mei ynnommen.

Bloeiende planten werombringe op plakken dêr’t se ferdwûn binne, helpt it bioferskaat oan ynsektepopulaasjes lykas wylde bijen.

Wiidweidige ynformaasje is te finen by Cruydt-Hoeck en by www.itfryskegea.nl/fryskesiedmingsels.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter