Diel dit berjocht

Gemeente Weststellingwerf organisearret flearmûze-ekskurzje yn Wolvegea

Yn ’e Nacht fan de Flearmûs organisearret gemeente Weststellingwerf mei ekologysk buro Gras Advies in (fergeze) flearmûze-ekskurzje troch Wolvegea.

By de ekskurzje kinne ynwenners op ’e siik nei flearmûzen. Wêr ferskûlje se harren? Hokker soarten komme yn ’e wenwiken foar? En wêrom binne flearmûzen sa belangryk? In ekolooch fertelt der by in jûnskuier alles oer.

De flearmûze-ekskurzje wurdt holden op sneon 24 augustus fan 20.30 oant 22.30 oere. De startlokaasje is by Hotel Van der Valk yn Wolvegea. Minsken dy’t meidwaan wolle, kinne har oanmelde fia dizze link.

Start soartebehearskplan
De gemeente organisearret de ekskurzje om de start fan it soartebehearskplan te fieren. Dat plan helpt om bisten lykas flearmûzen, húsmosken en toerswellen te beskermjen. Dy bisten libje faak yn spoumuorren en ûnder dakken.

Foto thússide: Pixabay.com

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter