Diel dit berjocht

Grut natuerfestival yn Nasjonaal Park De Alde Feanen

Fan 6 oant en mei 8 septimber wurdt it grutste grassroots-natuerfestival fan Nederlân holden: it Fête de la Nature. Dit jier biedt it prachtige Nasjonaal Park De Alde Feanen yn Fryslân it dekôr foar in unyk wykein fol natuerbelibbing.

Lokale ûndernimmers hawwe in eksklusyf programma gearstald dat men allinnich yn dit spesjale wykein ûnderfine kin. In unike kâns dus om de natuer te ûntdekken en jins bân mei de natuer te fersterkjen. Men kin oer it wetter glide mei in SUP-tocht, inerlike rêst fine mei yoga yn ’e natuer, of fan de stilte genietsje mei in kuiertocht troch it prachtige lânskip. As de nacht falt, kin men it park út in boat wei ûnder de stjerrehimel ferkenne. It festival biedt in fariearre programma mei aktiviteiten foar jong en âld, allegear rjochte op it ûnderfinen en wurdearjen fan de natuer. Der is gjin sintrale organisator, elkenien draacht by troch sels in aktiviteit te organisearjen.

Bûten wêze is goed foar it brein
Oft men no kuieret, in natuerwurkatelier folget of picknick hâldt, de tiid yn ’e natuer hat talleaze foardielen: it fersterket it ymmúnsysteem, ferheget jins enerzjy en makket dat men in better sin kriget. Yn in wrâld dy’t hieltyd mear troch technology dominearre wurdt, is it essinsjeel om mei de natuer ferbûn te bliuwen. De pandemy hat sjen litten hoe wichtich dy ferbining is foar de sûnens en it wolwêzen fan minsken.

Wannear en wêr?
It Fête de la Nature wurdt holden op 6, 7 en 8 septimber yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. Mear ynformaasje lêze en oanmelde kin fia dizze link.

Foto thússide: Merk Fryslân

De Alde Feanen (foto: Merk Fryslân)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter