Diel dit berjocht

Heit see-earn mist ‘befalling’

Sûnt koart wurdt troch It Fryske Gea wer in nij seizoen mei de aventoeren fan in yntusken ferneamd pearke see-earnen yn Nasjonaal Park de Alde Feanen streekrjocht útstjoerd. It is al de achtste maitiid dat it selde see-earnepear op dat plak besiket om in nij húshâldinkje op priemmen te setten. Fan hichtepunten wurde aparte ôfleveringen makke dy’t werom te sjen binne. Dêr blykt út dat mem har by it lizzen fan de aaien mar rêde moat: heit pûst net mei by de ‘befalling’. It twadde aai kaam heit sels suver oer it mad! Heit hie foarôf wol wakker syn bêst dien om it nêst ree meitsjen, benammen troch yngeand te ‘dobjen’: it draaien fan in kûle yn in kom fan sêft materiaal, lykas ljippen dat ek dogge. Dy risselwaasjes waarden yn febrewaris al makke.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter