Diel dit berjocht

It Bilt út, wei op nei Ljouwert

Fan Ouwesyl nei Ljouwert

Op 21 maaie 2021 nim ik wer in stik fan it Jabikspaad. Wy kampearje yn Wâlterswâld. It is by útsûndering knap waar, dat it moat no wêze. Op ’e fyts nei de Westereen en mei it spoar nei Ljouwert. Ut de trein wei is in protte natuer te sjen. Yn Ljouwert sjoch ik sels leppelbekken yn in wetterke om fretten sykjen. Dan mei de bus nei de Bilthoeke.

Yn Froubuorren begjint myn kuier. Earst nei Ouwesyl ta. It paad giet by de Aldrij lâns, in feart dy’t ea yn iepen ferbining mei de see stie. De slûs yn Ouwesyl hat dêr in ein oan makke. Ik fiel my op it paad njonken de feart in lokkich minske. Moaie loften, in grien fjild, kij yn it lân, in âlde mûne, fûgeltsjes en in hast suvere stilte om my hinne. Op in bankje sit ik te kofjedrinken. In reidsjongerke hâldt my selskip. De markol en in karrekytsje binne ek warber.

Ik kom yn Ouwesyl oan en bin dan wer op de rûte fan it Jabikspaad. Ik bin net hastich, dat ik rin in slach troch de buorren rinnen. De âld skoalle en it grutte eardere molkfabryk de Broederschap falle my op. De nammen op de gevelstiennen yn de muorren meitsje my nijsgjirrich, mar de namme fan it mantsje dat by de slûs in stânbyld krige hat, fyn ik wichtiger. Klaine Gerrit Keizer. Wat in ferhaal. It is te lêzen by it byldsje.

De tocht giet fierder oer de Monnikebildtdyk nei it easten. Ien kilometer bûten it doarp kom ik by de eardere Middelseedyk. Dêr stiet in grinspeal. De Bilthoeke hâldt hjir op en ik kom no yn Eastergoa. Safier as ik sjen kin is der oan it fjild hjir al hûnderten jierren hast neat feroare. Moai is dat. Hjirwei rint it paad oer de Middelseedyk nei it suden. Lofts en rjochts fan my lizze grutte stikken boulân. De boeren binne noch net klear mei it lânwurk. It is hjir dúdlik letter as by ús yn Flevolân.

It paad makket in heakske bocht en ik kom op de Monnikebildtloane. Yn de fierte sjoch ik it stee fan it kleaster Mariëngaarde. Derút wei hawwe de muontsen it lân op de see wûn. De hartoch fan Saksen hat dat letter oernommen troch it oanlizzen fan de Aldebiltdyk. It plak fan it kleaster is markearre troch in brede grêft en in bosksingel. Der stiet no in grutte pleats. De rûte nei it suden giet no oer de Lege Hearedyk, ek in âlde seewarring.

It earste plak dêr’t ik kom is Feinsum. By in brechje is in picknicktafel. De brêge leit oer de Feinsumerfeart. Dy is bekend troch de Alvestêderûte. In smel paad giet by it doarp lâns. Op nei Stiens. It fjild is hjir ek iepen. Yn ’e fierte, nei it easten, driuwe grutte swarte reekwolken. Ik bin hjir tsjûge fan it opbrânen fan in houthannel yn Noardburgum, blykt letter.

Stiens is in bekend en yn âlde tiden wichtich doarp. Op in kaart sjoch ik dat der yn de omkriten wol sa’n fjirtich saten, grutte pleatsen fan heareboeren, west hawwe. It paad giet troch de âlde buorren rjocht op de tsjerke oan. Dêr sitte in protte minsken op in terras. Ik krij gjin oanstriid om der ek sitten te gean. De âlde tsjerke wol ik wat better besjen. Oer it hôf rin ik om de tsjerke hinne. Opfallend fyn ik it hege gers tusken de grêfstiennen. Der groeie moaie wylde blommen tusken. Dat der mend is, is om ekologyske redenen, yn it belang fan de ynsekten. Guon minsken sille it suterich fine, mar my docht it wol wat. It fierdere paad nei Ljouwert giet net mear troch iepen fjild. Stiens is in grut plak wurden. Piter Jelles Troelstra is hjir noch net fergetten. Der is in strjitte nei him neamd en hy hat in grut stânbyld krige. Yn in fytspaad is it spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje noch werom te kennen. Dêr rin ik op, op wei nei Britsum. No kin ik goed sjen dat de doarpen hjir op in âlde kwelderwâl by de Middelsee lâns lizze. Yn it easten is it Aldlân en yn it westen it Nijlân. Beide kanten út is in wiid útsjoch.

Koarnjum. Martenastate (eigen foto)

Yn Britsum gean ik fan de rûte ôf om de buorren en de tsjerke te besjen. Hjir hat ea in grutte en hege terp west. It moaie wite tsjerkje hat bysûndere fresko’s, lês ik. Spitich dat de tsjerke ticht is. Der is ek in haventsje. De boaten kinne hjirwei nei de Dokkumer Ie farre.

It is foar my de earste kear dat ik yn dizze doarpen kom. Gewoanwei ride we oer de grutte dyk alles foarby. It folgjende doarp is Koarnjum. Martenastate is dêr it boechbyld. Ik nim de tiid om rêstich om my hinne te sjen. Alles is bêst ûnderholden. De bosk en de grêften lizze der prachtich by. De stinzeplanten dy’t hjir groeie, binne yn Fryslân hiel bekend.

Jelsum (eigen foto)

Dan kom ik yn Jelsum, dat faak yn ien azem mei lûdsoerlêst troch fleantugen neamd wurdt. Ik tref it hjoed. Der wurdt drok flein en ik meitsje mei hoe’t in minske dat lûd ûndergiet. Op my komt it oer as fergiet de wrâld. Ik fyn it slim dat de minsken hjir dat oer har hinne krije. Der steane grutte pleatsen yn it doarp. De bêste stamboekkij kamen út dizze omkriten. Dekemastate kom ik ek foarby. Dat is no iepen foar besikers. It is de muoite wurdich om al dat moais noch in kear rêstich te besjen.

In eintsje fierder hâldt it doarp op en kom ik by it Jelsumer Binnenpaad, in tegelpaadsje fan in heale meter breed, dwers troch de greiden oant yn de Ljouwerterbosk. Dat paad is tink ik in âld tsjerkepaad. De bosk markearret de râne fan de stêd en is sa dêrwei sjoen in moaie oergong nei it boerelân ta.

De Ljouwerterbosk (eigen foto)

Der wurdt drok gebrûk makke fan dit stikje grien, sa ticht by de stêd. Samar ynienen kom ik yn de drokte fan de stêd. Bilgaard hjit dizze wyk. Sa te sjen is hjir in protte oan stedsfernijing dien. Uteinlik kom ik yn it âldste part fan de stêd. De buert om de Jakobinertsjerke hinne is ien en al bysûndere skiednis. Te folle om yn dit bestek te neamen. In oare kear miskien? Foarby it Saailân, nei it stasjon ta, rin ik by de hege wolkekliuwer fan Aegon lâns. De hiele dei koe ik dy toer wol earne sjen. Al mei al wie dit ek wer in skoandere dei.

Foto op de hiemside: De Middelseedyk (eigen foto)

De achtste ôflevering sil op freed 19 july te lêzen wêze.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter